Mei triennen yn myn eagen typ ik dizze kollum. Njonken my leit ús Joep op syn fêste plakje. Alle dagen as ik oan it wurk gean, sleept er syn hûnekessen nei syn fertroude plak yn it kantoar. Mar hjoed net. Want Joep is op. Flekken op de lever, seagen wy by in scan fan de feearts. De ôfrûne wike wurdt er alle dagen siiker. En no leit er foar de allerlêste kear njonken my. Op it kessen dat ik der foar him dellein ha.
Op ‘e kop ôf fjouwer-en-in-heal jier lyn kaam Joep by ús wenjen. Om’t er sljocht is fan auto’s hie er in plakje nedich dêr’t hast gjin ferkear kaam. Hjir oan it sânpaad komt deis in inkele ferdwaalde fytser lâns, mar mear eins net. Krekt wat. En dus stapte Joep hjir midden yn koronatiid foar it earst it hiem op. Samar ynienen hienen wy in hûn. Yn tsjinstelling ta al dy oare ‘koronahûntsjes’ wie dy fan ús al 7 jier en ha wy ‘m noait mear fuortdien.
Fan it begjin ôf waard Joep leafdefol opnaam yn ús gesin. Moarns as wy fan bêd kamen, stie er al by de doar te wachtsjen. Altyd fleurich. Syn swypkjende sturt roffele tsjin de tafelpoat as er hearde dat ien fan de bern nei ûnderen kaam. Krûpen wie syn lust en syn libben. En ek al wie er goed tritich kilo swier, it leafste siet er by ús op skoat. Eins hie er in chihuahua wêze moatten, yn plak fan in stoere herder.
Elkenien dy’t by ús op it hiem kaam, krige in waarm wolkom yn de foarm fan in bulderjen geblaf. Ek de minsken fan DHL en PostNL. Net elkenien wie dêr like bliid mei. Ik wit noch goed dat in pakketjonge mei it swit op it gebit lâns it raam fan it kantoar sprinte. Joep der in meter as twa achteroan. De pakketjonge flokte as in grutten, Joep blafte as in wylden. Dat koe fansels net, dus kaam der noch dyselde deis in grutte kiste foar postpakketsjes by it hek.
Mei âld en nij wie it hielendal feest. Dan koe elke knal of fjoerpylk rekkenje op in blafsalvo dat nea wer ophold. As tip krigen wy ferline jier fan de feearts it advys om earkleppen foar Joep te bestellen. Dus ik yn desimber op Bol.com sjen nei in eksimplaar dat passe soe. Dêrfoar moast ik de omtrek fan syn hûnekop mjitte. En dat kear twa, min trije en dan dêr de woartel fan nimme. Tadaa: maatsje M soe perfekt passe moatte. Dus ik dat ding yn myn winkelmandje en troch nei bestellen. En doe stie der: ‘Wordt waarschijnlijk op 6 januari geleverd’.
Noch sa’n leafhawwerij fan ús Joepie wie swimmen. Elke dreksleat yn de omkriten wist er te finen. Yn de simmer koenen we ‘m eins net los rinne litte, want foardat we it goed en wol yn de gaten hienen, hearden we in plons. Under it griene einekroas kaam der dan in grutte swarte hûnekop te foarskyn. En fansels lekker útskodzje as er njonken ús stie. Oan de ein fan de kuier hipte er dweil troch wiet wer fleurich yn de auto. De soere lucht fan blauwe drek is noch altyd in souvenir.
En no is it Joep syn allerlêste dei. Tenei gjin swimmen mear, gjin geblaf en gjin roffeljende sturt. Mei syn grutte brûne eagen sjocht er my fanôf syn kessen oan. Syn blik seit genôch. ‘It is goed sa.’ Fan ‘e middei komt de feearst mei in spuitsje. Oan alles komt in ein, mar wat hie ik graach wold dat ús hûntsje moarn wer njonken my lizze soe. Leave Joep, wat sil ik dy misse.